David Pefko (1983) debutearre yn 2009 mei de roman Levi Andreas. Yn 2011 ferskynde syn twadde roman, Het voorseizoen, dêr’t er de Gouden Boekenuil en de Inktaap foar yn ûntfangst nimme mocht. Nei syn alom priizge roman Daar komen de vliegen (2017) ferskynde ein 2023 syn opnij tige goed ûntfongen roman De gebroeders Maxilari. Op tiisdeitejûn 23 jannewaris fertelt er oer syn wurk. De skriuwer komt nei Drachten op útnûging fan Stichting Literaire Activiteiten Smallingerland (SLAS ), Bibliotheek Drachten en boekhannel Van der Velde.

Mear ynformaasje & reservearje

Nei de webside →