Op 30 maaie is it wer safier: in jûn fol rauwe enerzjy, earlike ferhalen en meinimmende optredens. Bekende nammen en opkommende talinten bringe it bêste fan spoken word, poëzy en alles dêr tuskenyn. Ferwachtsje in unike miks fan noardlike makkers en lanlike wurdkunstners dy’t dy reitsje, ferrasse en dy knippe litte mei dyn fingers as nea earder.
De line-up foar dizze edysje bestiet út Benzokarim, Teddy Tops, Manu van Kersbergen én in special guest.
Neist de line-up is der fansels ek wer romte foar dyn stim tidens de open mic! Oanmelde kin troch @hoge_woorden in DM te stjoeren op Instagram.
Hoge Woorden
Freed 30 maaie
Tiid: 20.00 – 22.30 (doarren iepen om 19.30)
Pay What You Choose
Suvere performances, fol enerzjy en oertsjûgingskrêft. Persoanlik en maatskippijkritysk. Dát is wat je ferwachtsje kinne fan Hoge Woorden. Hoge Woorden is it nije poadium foar spoken word yn Fryslân. Mei in unike miks fan noardlike makkers en lanlike wurdkeunstners. Bekende nammen en opkommende talinten.
Hoge Woorden binne fjouwer kear yn it jier. Presintearre en gearstald troch Marrit Jellema, mei meardere spoken word-performers. Oan’e ein fan’e jûn is der ek in plak foar dy by de open mic.