Letterlânskip
Unyk poëzyprogramma yn in Fryske stjelpbuorkerij
Mei talintfolle dichters yn it Nederlânsk, Frysk en Grinslânsk oer de takomst fan it lânskip.
Tsead Bruinja, Aly Freije, Sytse Jansma, Anne Broeksma, Kasper Peters, Sholeh Rezazadeh, Alexander Moto, Gabriëlle Terpstra en Dien L. de Boer
Musyk: Sietske Trinks, Johannes Terpstra en Elvire Boelee
Yntree: € 10,- (keapje op ‘e tiid kaarten, der is mar in beheind oantal plakken)
IJKPUNT FAN DE POËZY
Dichter op de Deel is in poëzy-evenemint dat meartaligens en ferskaat heech yn it findel draacht. Op 25 maaie fynt yn Eksmoarre de achtste edysje plak. Fan it begjin ôf hat Dichter op de Deel him rjochte op de rykdom fan de poëzy yn Fryslân en it hiele Nederlânske taalgebiet, en bringt dat mei dit regionale inisjatyf ûnder de oandacht. Fan ferneamde dichters oant opkommend talint. Us taalgebiet is lyts, mar hat in grutte fariëteit oan poëtyske stimmen en stilen, en in libbene kultuer fan poëzypoadia en festivals. Ek ûnder de âlde balken fan ’e buorkerij yn Eksmoarre klinkt de klankkleur fan dit brede palet. Ynmiddels is Dichter op de Deel in ikerpunt fan de poëzy wurden op it Fryske plattelân én hat it lanlike bekendheid krigen.
SKRIUWERSRESIDINSJE
Dit jier is der foar it earst in skriuwersresidinsje dy’t foarôf giet oan de poëzymiddei. Net fier fan Eksmoarre, yn Penjum, is in moai skriuwershúske fûn en ynrjochte as residinsje. Alexander Moto byt de spits ôf fan dizze nij tafoege residinsje oan Dichter op de Deel. Hy sil op it poadium hearre litte wat er skreaun hat, te midden fan de greiden.
LETTERLÂNSKIP
Om’t ús biodiversiteit yn need is, jout Dichter op de Deel wer omtinken oan de natuer dy’t net foar harsels opkomme kin – dat moatte wy dwaan. It tema is Letterlânskip, ‘letter’ is it Fryske wurd foar ‘letter’/‘letterlik’ mar ek ‘letter’ as yn ‘letter yn de tiid’, en giet dus oer de takomst fan it lânskip. Dit tema is meijûn oan de foardragende dichters en muzikanten – omdat wy der net omhinne kinne – mar de keunsten steane foarop. In oantal klimaatdichters sil oanwêzich wêze.
Boeken fan de skriuwers binne te keap, en tuskentroch en nei ôfrin kin der geniete wurde fan in drankje.
Mei mooglik makke troch: Explore the North, Lirafonds, Gemeente Súdwest Fryslân, Provincie Fryslân, Cultuurfonds, Feitsma Fûns, Emmapleinfoundation, Leeuwarden City of Literature
Mear ynfo en tickets