Lekker lêze
Hast in moai boek, mar komst net oan lêzen ta?
Kom by de Silent Book Club Fryslân! De Silent Book Club is in mienskip fan lêzers en boekleafhawwers, mei mear as 2.000 lokaasjes yn goed 60 lannen oer de hiele wrâld.
Nim dyn boek mei nei Tresoar en sykje in plakje yn ús Kafee De Gouden Leeuw. Wy soargje foar in noflik plak om yn dyn boek te dûken. Mei oare lêzers.
Moetsje en lêze
Sjenre of taal? It makket neat út. Do meist alles lêze!
Prate oer in boek (of oare dingen) mei, mar hoecht net.
Neat moat, alles mei!
“Bring Your Own Book”
Jou dy del yn ien fan ús hearlike stuollen. Pak in kessen, kleedsje en soargje datst lekker sitst.
Kinst in bakje kofje of tee helje. Of nim dyn eigen lekkers mei.
Kom del en ferjit fansels dyn boek net 😊
19.45 – 20.00 Kom deryn en sykje in plakje
20.00 – 21.00 In oerke mei elkoar lêze, yn alle rêst sûnder ôflieding
21.00 – 21.30 Lês noch fierder, meitsje in praatsje of gean wer nei hûs
It kostet neat en oanmelde is net nedich.
Bist alle earste tongersdeis fan de moanne fan herte wolkom yn ús Silent Book Club!
Nei de webside →
