Einlings even lêze! Hast in moai boek dat noch altyd yn’e kast leit? Nim it mei nei Tresoar en dûk der mei oare lêzers yn. Genre of taal makket net út – alles mei!

It earste oerke lêze wy yn stilte, sûnder steurd te wurden. Dêrnei kinst dat iene haadstik noch efkes útlêze, in praatsje meitsje mei oare lêzers of gewoan nei hûs ta gean. Koartsein: gjin tradisjonele boekeklup, mar in lêsselskip sûnder ferplichtingen. Neat moat, alles mei!

Plof del yn in hearlike stoel, pak in kessen en soargje datst lekker sitst. Kinst kofje of tee helje, of dyn eigen fersnapearringen meinimmen. Fergees en sûnder oanmelden – gewoan delkomme mei dyn boek!

Nei de webside →