April is de Moanne fan de Filosofy. Skriuwer en jurist Roxane van Iperen komt del om oer har essay ‘Ik zie wat ik geloof’ te praten, dat oanslút by it tema ‘Ken onszelve’.
Sosjale media en Big Tech bepale hieltyd mear wat wy sjogge en wat wy leauwe. Elk kriget syn eigen ferzje fan de werklikheid te sjen. Mar hoe fine we elkoar noch as we allegear yn ús eigen bubbel libje? Van Iperen lit sjen hoe’t techbedriuwen ús beynfloedzje en tinkt nei oer in útwei. Har sintrale fraach: kinne wy wer in dielde werklikheid opbouwe?
Nei de lêzing is der skoft mei kofje en tee, boekferkeap en gelegenheid ta sinjearjen. Dêrnei alle romte foar fragen.
Roxane van Iperen (1976) waard bekend by it grutte publyk mei ‘t Hooge Nest en is sûnt dy publikaasje in fêste stim yn it publike debat. Se sjocht mei in skerp, finansjeel-ekonomysk each nei macht en systemen.
Nei de webside →