Misdiedroan Dichterlijk spilet him ôf yn Ljouwert en is ynspirearre op it libben fan âld-resjersjeur en finzenisdirekteur Henk Dillerop. De prolooch begjint yn de eardere finzenis de Blokhúspoarte – in lokaasje dy’t net allinnich histoarysk, mar ek symboalysk in sintrale rol spilet yn it boek.
Op dizze sfearfolle gearkomste fertelt Reina Rusticus oer har boek, de Blokhúspoarte en de personaazjes. Ald-finzenisdirekteur Henk Dillerop lêst in fragmint foar en jout in koarte rûnlieding troch de eardere finzenis. In unike kâns om skiednis en literêre ferbylding mei-inoar te ferbinen!
Fansels ferkeapet en sinjearret Reina Rusticus har boek.
Nei de webside →