Op snein 21 april om 15:00 oere presintearret Albertina Soepboer har nije fersebondel Delta yn de Fermanje, Wurdumerdyk 18 yn Ljouwert.

De boekpresintaasje is part fan de trijedielige konsertsearje Fokaal Trijelûk 2024. Tema fan de rige is Oer de see. Utjouwerij Frysk en Frij hat komponist Rixt van der Kooij frege om nije komposysjes te meitsjen op fersen fan dichteres Albertina Soepboer – yn har lyryk is de see in trochgeand elemint.

Yntree: € 17,50 oan de doar fan de Fermanje, Wurdumerdyk 18 yn Ljouwert.
Sjoch foar mear ynformaasje op: