Abe de Vries is in produktyf skriuwer en sa kin Utjouwery DeRyp twa boeken tagelyk presintearje dêr’t dizze skriuwer by belutsen is. De earste is De Vries syn tsiende dichtbondel, Blaumelly, en de oare is in blomlêzing mei ferhalen dy’t De Vries útkeazen hat fan de 19e-iuwske skriuwer Waling Dykstra.

Blaumelly is foarmjûn troch Johan Bouwhuis mei in opfallend reade hynstekop op it hurde omslach, nei in skilderij fan Johan Haanstra. De gedichten fine har woartels gauris yn de direkte wenomjouwing en persoanlike sfear fan de dichter, mar geane oer universele tema’s. Foegje dêrby pakkende byldspraak, tûk stal jûne emoasjes en maatskiplike belutsenens en men kriget sterke fersen dy ‘t der ta dogge. Neist eigen gedichten hat Abe de Vries ek oersettingen opnommen fan gedichten fan û.o. Robert Frost en Iosip Brodsky.

Blomlêzing ferhalen Waling Dykstra

Foarig jier besoarge Abe de Vries in blomlêzing mei gedichten fan Waling Dykstra (1821-1914). Mar Waling Dykstra is ek ien fan de belangryste Fryske ferhaleskriuwers fan de 19e iuw. Hy hat hûnderten ferhalen skreaun foar tydskriften en sammelbondels. Tweintich fan syn koartere ferhalen binne yn dizze blomlêzing opnaam yn oanpaste stavering. It binne faak smout fertelde ferhalen mei libbene dialogen dy’t earne oer gean. De ferhalen binne útkeazen troch Abe de Vries dy’t foar dizze kreaze útjefte in nijsgjirrige, koarte ynlieding oer Dykstra’s ferhalen skreau.

Preseintaasje

Blaumelly fan Abe de Vries en Waling Dykstra Folksskriuwer wurde tagelyk presintearre op 20 novimber om 16.00 oere yn it doarpshûs fan Froubuorren/Vrouwenparochie. It earste eksimplaar fan Blaumelly sil by de presintaasje útrikt wurde oan Sietske Poepjes, deputearre fan de provinsje Fryslân foar kultuer. Fanwegen de koroanamaatregels kinne dêr net mear as tritich minsken by wêze.