Der komt in nije bondel fan Erik de Boer oan! De offisjele presintaasje fynt takom jier plak, mar op 17 oktober om 20.00 oere krijst alfêst in unyk foarpriuwke by in ludike pre-bondelpresintaasje yn Podium Explore. De tagong is fergees.
Hoewol’t de nije bondel noch net ferskynd is, nimt Erik dy dizze jûn mei yn de wrâld fan de poëzy mei in rike samling oare bondels. Sjochst yn de keuken fan Richard Nobbe, Gabrielle Terpstra en Jan Ketelaar, dy’t sawol eigen wurk as wurk fan oare dichters presintearje. De muzyk wurdt fersoarge troch Jankobus Seunnenga.
Dêrneist lit Erik wat hearre út syn oankommende bondel Stofkruimels en Brooddeeltjes, dy’t takom jier offisjeel ferskynt. By de lansearring heart de foarstelling mei deselde namme, dy’t yn novimber by festival Explore the North Festival spilet.