Praat mar Frysk hat in trening ûntwikkele oer ‘taalgedrach en -gewoantes’ dy’t in kombinaasje is fan teory en praktyk. In ‘oars as oars’ trening, foar elk dy’t nijsgjirrich is nei de kant fan taal dêrst net by stil stietst.

Taalgedrach en -gewoantes

De teory giet oer de psychology achter taal, oer taalgedrach en switche as gewoante. Sa krijst mear ynsjoch yn dyn eigen taalgedrach en dyn eigen gewoantes. Gewoantes kinst feroarje, ast dat wolst. Dêr geane we mei oan de slach. Dêrby is der romte foar dyn spesifike sitewaasje en dyn ferhaal.

Listen

Praat mar Frysk is de Fryske partner yn it Europeesk Erasumus+ taalprojekt LISTEN.

LISTEN giet oer it fenomeen datst as minderheidstaalsprekker faak en meastal ûnbewust oerskeakelest nei de mearderheidstaal. Of datst bewust of ûnbewust al yn de mearderheidstaal begjinst. Dat is in universeel fenomeen.

Binnen LISTEN ûntwikkelt PmF trenings om dit ûnder de oandacht te bringen. Want wêrom soest switche as de oar dy begrypt of sels deselde taal praat as dy? Oare partners yn LISTEN binne de Universiteit fan Valencia (Katalaansk), IAITH (Welsk), Conradh na Gaeilge (Iersk) en de Universiteit Sapientia (Hongaarsk yn Roemenië), ELEN (European Language Equality Network), CNDR (Pisa, Italië).

Meidwaan

Op woansdei 31 maart jout Praat mar Frysk in ekstra workshop Psychology fan dyn Taal om 19.30 oere. Der binne noch in pear plakjes frij. Dus jou dy gau op! Stjoer foar freed 26 maart in mailtsje nei praatmarfrysk@gmail.com mei dyn namme, adres en telefoannûmer.

Nei de webside →