Sûnt 2000 wurdt poëzij alle jierren ein jannewaris ekstra yn de skynwerper set. De oarspronklike Gedichtedei groeide yn 2013 út ta in folsleine Poëzywike. Yn dizze wike (dit jier fan 28 jannewaris oant en mei 3 febrewaris) wurdsto troch de dielnimmende boekhannels traktearre op it Poëzy-geskink.

It Poëzy-geskink is yn 2021 skreaun troch de Flaamske dichter Maud Vanhauwaert en de Hollânske dichter Rodaan Al Galidi. De útjefte is foarmjûn troch Jelle Jespers. It tema is ‘Samen’ (tegearre) en de titel fan it Poëzy-geskink 2021 is SAMEN AL T’HOPE.

Besjoch de webside fan de Poëzywike foar mear ynformaasje oer it geskink en de aktiviteiten

Foto: Maud Vanhauwaert © Illias Tierlinck & Rodaan Al Galidi © Serge Ligtenberg