Poëzywike, ít poëzyfeest fan Flaanderen en Nederlân, is der oeral en foar elkenien! Fan 29 jannewaris o/m 4 febrewaris 2026 fiere wy Poëzijwike 2026 mei it tema ‘Metamorfoaze’. Ellen Deckwitz skriuwt in hânfol gloednije gedichten om dit tema hinne, dy’t bondele wurde yn it Poëzijgeskink 2026. Op in soad plakken binne optredens fan dichters.

Poëzijgeskink 2026

Benijd nei it Poëzijgeskink? Fan 29 jannewaris 2026 ôf, Gedichtedei, kinst it bemachtigje by in dielnimmende boekhannel. By it oankeap fan minimaal € 12,50 oan poëzy krigest it geskink hielendal fergees!

Mar dat is net alles: der sil ek wer in fergees Gedichtedeiposter beskikber wêze, dêr’t in gedicht út it geskink op skitteret. De poster sil kwa ûntwerp hielendal oanslute by it Poëzijgeskink en beiden belove in fisueel én poëtysk spektakel.

En der is mear goed nijs: der wurdt wer in audioferzje fan it Poëzijgeskink beskikber steld fia Passend Lezen. Ek wurdt in brailleversy makke troch de Luisterpuntbibliotheek, sadat elkenien genietsje kin fan dizze bysûndere bondel.

Oer de auteur fan it geskink

Ellen Deckwitz Ellen Deckwitz (1982) is in Nederlânske dichter. Har bondels waarden bekroand mei nasjonale en ynternasjonale poëzyprizen as de C. Buddingh’, de E. du Perron en de Premio Ciampi. Neist in foaroprinnende stim yn de Nederlânske letteren is Deckwitz in net wurch te krijen poëzy-ambassadeur. Foar de AVRO-TROS makket se de deistige podcast Poëzie Vandaag, har boek Eerste Hulp Bij Poëzie is in tagonklike gids foar jongeren dy’t har ferdjipje wolle yn de dichtkeunst en dêrnjonken giet se jierliks tsientallen skoallen yn sawol Flaanderen as Nederlân bydel om de jongste generaasjes te entûsjasmearjen foar de ferskeunst.

Nei de webside →