Ramsey Nasr is it boechbyld fan de Poëzieweek 2022. It tema fan de tsiende edysje is NATUUR en hat as motto dizze wurden fan Nasr: ‘bloesems en overvloed’. Wy (wer)ûntdekke poëzij yn ‘e natuer en natuer yn ‘e poëzij.

It ôfrûne jier hawwe wy allegearre de natuer wer ûntdutsen. Net sasear de fier-fuort-natuer of de hege-bergen-natuer, mar de ferjit-mij-net-natuer, de kuierst-mei-natoer, de hoefolle-flinters-telst-yn-dyn-tún-natuer , de litte-wy-tegearre-oer-de-feart-springe-natuer. Wy hawwe it aventoer yn ús achtertún op ‘e nij ûntdutsen, de skientme fan ús streamkes en bosken, fûgels dy’t wy juster net hearden, iikhoarntsjes dy’t wy net mear seagen. Wy waarden wer fereale op ús fjouwerkante meter tún, de geraniums op ús balkon.

Yn dizze Poëzieweek litte wy ús ferrasse troch ingeltsjepingeltsjewurden, troch slingerplantsinnen en farenfersen. Wy flústerje gedichten om de bisten yn harren wintersliep te ferwaarmjen, wy litte ús wurden yn ‘e wyn waaie. Wy jouwe taal oan wat wy wichtich fine en hâlde wolle. Wy sjonge lûd oer in griene takomst, fol mei bloeisel en oerfloed.

Aktiviteiten

It grutste poëzyfestival fan de Lege Lannen wurdt yn 2022 foar de tsiende kear fierd. Fan Alkmaar oant Zottegem, fan pjutteklas oant lêsgroep, elkenien docht mei! Yn it hiele lân wurde aksjes en aktiviteiten opset om poëzij te fieren.

Poëziegeschenk

Ramsey Nasr skriuwt it Poëziegeschenk 2022. Tsien nije gedichten wurde bondele yn in spesjale edysje. Fergees te krijen yn boekhannels by in oankeap fan € 12,50 oan poëzy.

foto: Kelly-ann van Steveninck