Oefenje op dyn alderbêste gedichten, skriuw noch gau wat nijs en waarmje de stim goed op, dan bist op 11 desimber hielendal klear foar de Poetry Slam!

Woorden op Woensdag bout de slam-arena op in hiel bysûndere lokaasje: yn De Zinnenfabriek (Nijstêd 29, Ljouwert). Dat is dé pop-up poëzywinkel fan ús stedsdichter, Marrit Jellema.

Wolsto kâns meitsje op dat bosk roazen en dat plak yn de finale, of wolst dy gewoan ris mjitte mei in tal meislammers? Jou dy dan op! Stjoer in mailtsje nei mees@explore-the-north.nl.

Hast sin om gewoan del te kommen om te sjen, of liket it dy aardich om in kear mei in roas te smiten, dan bist fansels ek tige wolkom.

Nei de webside →