Podium Explore wurdt omtsjoend ta in húskeamer fol spoken word! Opkommende artysten fan Poetry Circle Zwolle en Poetry Circle Ljouwert diele harren nijste wurk. De jûn wurdt ôfsletten mei in iepen mic – elkenien mei de mikrofoan pakke!
Meitsje dy klear op alles wat buorrelet binnen de nijste garde fan de spoken word scene: rake metafoaren, aktivistyske statements én in hiel soad leafde.
Poetry Circle is ít lanlike platfoarm foar spoken word, mei circles yn acht ferskate stêden. Elke circle hat alle wiken les yn harren eigen stêd. Circle Sessions helpe begjinnende spoken word-artysten podium-ûnderfining op te dwaan en biede de kâns om oare artysten kennen te learen – it ideale plak om in netwurk op te bouwen!
Ut Ljouwert wei sjochst: Ace, Aïsha, Aline, Brigitte, Cis, Daria, Emily, Esmee, Froukje, Gaia, Julian, Lotte, Nashara en Zee.
Nei de webside →