Sneontemiddei 13 novimber presintearret it Noordelijk Film Festival yn Neushoorn in NFF-special, mei trije projekten wêryn’t Fryske poëzy en film byinoar komme.

De Picture Poems fan Metafoor Media en Tresoar kombinearje in breed oersjoch fan de skientme en it ferskaat fan Fryske gedichten en nij wurk fan jonge filmmakkers. Bert Looper nimt dy mei op in reis troch de tiid. Anne Feddema draacht ien fan syn gedichten live foar, folge troch de ynterpretaasje fan de filmmakker. Der binne no 14 Picture Poems makke, twa nije films ha fannemiddei harren premjêre.

Dichter fan Fryslân Nyk de Vries hat de ôfrûne twa jier ferskate gedichten ferfilme. Nyk jout in live optreden dêr’t syn filmwurk yn te sjen is.

It tredde projekt is it risseltaat fan it rike argyf fan it Frysk Film & Audio Argyf (FFAA). Syds Wiersma, koördinator fan FFAA, gie op syk nei Fryske dichters dy’t har de lêste desennia oan it ferfilmjen fan harren poëzij weage hawwe.

POËCINEMA wurdt mei mooglik makke troch Ljouwert UNESCO City of Literature. Boek dyn kaartsje fan 3 novimber ôf fergees op de webside fan it Noordelijk Film Festival.

Nei de webside →