Yn de Boekewike ûntfangt Stichting Literaire Activiteiten Sneek (LAS) bestsellerskriuwer en kollumnist Peter Buwalda. Hy sil fertelle oer De Jaknikker, it lang ferwachte twadde part fan syn trilogy oer de soannen fan Otmar.

Peter Buwalda (1971) dindere yn 2010 mei syn debút Bonita Avenue de bestsellerlisten binnen en krige laaiend entûsjaste resinsjes. De roman wûn alle debútprizen, ferkocht 400.000 eksimplaren en waard yn tweintich talen oerset. Njoggen jier letter ferskynde Otmars Zonen, it earste part fan in trijelûk oer in heit en soan dy’t inoar út it each ferlieze.

Yn De Jaknikker (oktober 2025) wurde wy fierder meifierd yn de wrâldwide relaasje- en famyljeperikels binnen de oalje- en muzykbusiness, dreaun troch jild, eare, macht, bedroch en rankune. Oft diel trije fan de trilogy der werklik komt, is op dit stuit alhiel net dúdlik – mar miskien seit Buwalda dêr wat oer.

Der is gelegenheid om fragen te stellen en boeken sinjearje te litten.

Foto: Jelle Vermeersch

Nei de webside →