De skiednis fan de Fryske band Reboelje freget in plak om te bewarjen. It publyk wurdt oproppen om te helpen by it opbouwen fan in offisjeel argyf. Mei Tresoar wurdt wurke oan it feilichstellen fan it kulturele erfgoed foar takomstige generaasjes.

De inisjatyfnimmers freegje elkenien dy’t noch materiaal lizzen hat om dit – wêr mooglik – beskikber te stellen foar it argyf. Mei elkoar kinne we derfoar soargje dat de skiednis fan Reboelje net ferlern giet. Om it argivearjen goed ferrinne te litten, wurdt frege om materiaal foarôf te oarderjen en te foarsjen fan basisynformaasje, lykas ynhâld, komôf en datearring.

Byienkomst by Tresoar

Op sneon 19 septimber 2026 organisearje de inisjatyfnimmers in byienkomst yn it kafee fan Tresoar yn Ljouwert (Boterhoek 1). Besikers kinne dêr materiaal besjen litte, oerdrage en ferhalen diele. De byienkomst is fan 12.00 oant 16.00 oere.

Ynteressearren kinne har oanmelde fia: info@reboelje.nl. Foar fragen kin kontakt opnaam wurde mei de inisjatyfnimmers Klaas Sietse Spoelstra (k.s.spoelstra@planet.nl) of Douwe Poelstra (d.poelstra1@gmail.com).

It inisjatyf is mei ta stân kaam yn nau oerlis mei de leden fan Reboelje.

Nei de webside →