Iensumens is in dreech ûnderwerp om oer te praten. It docht sear, makket bang, taast de sûnens oan en it is tige persoanlik. Under de titel ‘Soms word ik wakker’ makken kurator Alie Lukas en skriuwer Adwin de Kluyver in literêre online útstalling oer iensumheid. 

De online besiker wurdt fia in rige nachtkastkes en koarte ferhalen in blik gund yn it libben en it haad fan in rige iensume persoanen. De tuskenteksten dage it publyk út om nei te tinken oer de eigen iensumheid en dy fan oaren.

Adwin de Kluyver skreau de koarte ferhalen foar de tentoanstelling. Yn 2019 ferskynde by útjouwerij Spectrum Het gedroomde Noorden – een atlas, dat nominearre is foar de Jan Wolkers Priis. Ein 2015 debutearre hy by útjouwerij Balans mei Terug uit de Witte Hel

De útstalling is te besjen op www.somswordikwakker.nl

De online útstalling ‘Soms word ik wakker’ is makke yn opdracht fan ZuidOostZorg en wie earder as fysike útstalling te sjen yn de galerie fan Sûnenz yn Drachten. Minsken dy’t nei oanlieding fan dizze útstalling ferlet hawwe fan help kinne kontakt opnimme mei Sûnenz Support.