As oanrin nei de jierlikse ‘Verhalenavond’ yn novimber, fynt op freed 19 juny in lytsskalige online ferhalejûn plak. Trije sprekkers – in ûndernimmer, in dosint en immen út de soarch – fertelle yn acht minuten in oansprekkend ferhaal mei as tema ‘Het Virus’. De ferhalen gean oer de ympakt fan it coronafirus op harren libben.

De ferhalen wurde ferteld op Zoom en der is romte foar op syn heechst 50 persoanen. De jûn start om 19.30 en duorret oant 20.15 oere. Do kinst dy oanmelde foar dizze online ferhalejûn fia www.verhalenavond.nl.

It idee foar de online ferhalejûn is ûntstien yn de coronakrisis. De organisaasje fan de Verhalenavond, Pier21, wie dwaande mei plannen foar de jûn yn novimber en kaam foar de fraach te stean: wat as wy inoar yn novimber net treffe kinne? Hoe sille wy dan ferhalen diele? Yn de ôfrûne wiken hat de organisaasje yn in lyts komitee tal fan online testjûnen organisearre om ûnderfining op te dwaan. Minsken sjogge en hearre mei út de tún, op ‘e bank of oan de keukentafel. De ûnderfining leart dat minsken bliid binne dat se it byldskerm eefkes brûke kinne foar wat hiel oars as wurk en skoalle. Dat is de reden dat der in ‘iepen’ online ‘Verhalenavond’ komt.

It is noch net bekend oft de ‘Verhalenavond’ yn novimber in reguliere edysje wurdt mei fysike moetings, in online evenemint of in kombinaasje fan beiden. Wol is bekend dat ek dan it tema ‘Het Virus’ wêze sil en dat elkenien wer meidwaan kin. ‘Een verhaal kan gaan over hoe iemand de lockdown heeft ervaren, wellicht ben je in totale isolatie geweest, ken je iemand die corona heeft gehad of werk je in de zorg en heb je er dagelijks mee te maken? Wij denken dat juist in de afgelopen periode en waarschijnlijk ook nog wel de komende periode heel veel verhalen ontstaan. Wij zien het als onze missie om die te vangen in de Verhalenavond’, seit Janneke de Haan, artistyk lieder.

Nei de webside →