Twa Fryske melkfeehâlders, de bedriuwen Schaap en De Boer yn Tirns, dogge mei oan ‘Oade oan de ko’, in projekt neamd nei in dichtbondel fan Willem Abma. Dichters en learlingen fan basisskoallen binne oan it wurk west mei mei ferhalen oer de ko.

Tongersdeitemiddei 15 desimber 2022 fan 13.00 oant 17.00 oere presintearje de dichters en de bern harren wurk oan it publyk op de pleatsen yn Tirns.

‘Oade oan de Ko’ is ûnderdiel fan IIS, it mienskipsprojekt fan Arcadia.
Sjoch foar mear ynformaasje op de webside fan Arcadia webside.