Tidens Nederland Leest fan 1 oant en mei 30 novimber kin hiel Nederlân itselde boek lêze. Dit jier is dat ‘Mevrouw mijn moeder’ fan Yvonne Keuls, in leafdefol monumint foar har bysûndere mem.

Yvonne Keuls hat ek in toanielbewurking fan it boek makke en spilet de foarstelling yn dbieb. Sy spilet sels alle rollen. Nei de foarstelling is der gelegenheid om fragen te stellen en it boek sinjeare te litten.

In goed boek bringt it petear op gong en ferbynt lêzers. Dêrom jout de Bibliotheek yn novimber it Nederland Leest-boek kado, om mei-inoar te lêzen en oer te praten.

Foar jongeren yn de groepen 7 en 8 en learlingen yn klas 1 en 2 fan it VMBO is der Nederland Leest Junior. Under it motto ‘Ien boek, ien klas’ prate de learlingen oer it boek dat se mei-inoar lêze.