Ek dit jier fersoarget de Culturele Apotheek wer in Nationale Voorleeslunch op de nasjonale âldereindei. Fan it jier falt dy dei op freed 3 oktober.
It ferhaal wurdt fan it jier skreaun troch Nelleke Noordervliet en is mei tank oan de Afûk ek dizze kear wer yn in Fryske oersetting beskikber. Noordervliet lêst it ferhaal op 3 oktober sels foar bij Omroep MAX op NPO 1. Fierder wurdt der troch it hiele lân oan âlderen foarlêzen, yn byg. biblioteken, soarchynstellings en buerthuzen.
Witte wêr’t je oanskowe kinne, of meidwaan as lokaasje? Sjoch op:
Belangstelling foar it Fryske ferhaal? Mail nei friesindezorg@afuk.frl.
Foto: Jørgen Koopmanschap