Op freed 2 oktober organisearret De Samenleesclub de fjirtjinde edysje fan de Nationale Voorleeslunch. Spesjaal foar dizze dei skriuwt auteur Joke van Leeuwen it foarlêslunchferhaal. It ferhaal wurdt op hûnderten lokaasjes troch hiel Nederlân foarlêzen oan tûzenen âlderen.

Joke van Leeuwen heart ta de meast bekroande auteurs fan Nederlân. Se skriuwt foar sawol bern as folwoeksenen. Mei har roman Feest van het begin wûn se de AKO Literatuerpriis. Foar har oeuvre krige sy ûnder oare de Gouden Ganzenveer, de Constantijn Huygens-priis en de Tollenspriis. Koartlyn ferskynde har nije boek Plooi u in tweeën.

Oer foarlêzen seit Van Leeuwen: ‘Voorlezen en voorgelezen worden is iets moois waar geen leeftijd op staat. Ooit heb ik mijn moeder door de telefoon een heel verhaal voorgelezen omdat ze het door haar slechte ogen niet zelf kon lezen. Dus ja, laten we dat voorlezen en voorgelezen worden maar nooit afleren.’

It ferhaal wurdt foarlêzen yn biblioteken, buerthuzen en soarchynstellingen. Omroep MAX stjoert it út op NPO1, sadat âlderen ek thús meiharkje kinne. It ferhaal ferskynt ek yn braille, sprutsen foarm, it Frysk (yn gearwurking mei Afûk), it Papiamintsk en ienfâldige taal.

Nei de webside →