It libbensgefoel fan Ljouwerter dichter/skriuwer Jan Slauerhoff (1898-1936) bliuwt werkenber. By it mini-festival dat Stichting Herdenking Jan Slauerhoff organisearret, stiet de literêre moeting fan Slauerhoff mei Portugal sintraal. Neist lêzingen troch dr. Hein Aalders en dr. Arie Pos binne der optredens fan foardrachtskeunstner Simon Mulder en fadosjongeres Maria de Fatima.

Tip: Kommend neijier binne der mear eveneminten om Slauerhoff hinne:
* 29 augustus om 14:00 oere: rûnlieding by foar Slauerhoff relevante lokaasjes yn de Ljouwerter binnenstêd del
* 29 augustus 16.00 oere: ûntbleating fan in plakette op it pân dêr’t Slauerhoff berne is (Voorstreek 33)
* 7 septimber 13:30 oere: It minyfestival oer Slauerhoff & Portugal yn dbieb
* 15 septimber, 13:00: Dichterbij Slauerhoff (poëzij en muzyk) yn de Nicolaastsjerke fan Flylân (organisearre troch de stichting Louise Post Poëzie)
* 9 oktober, 20:00 oere: Slauerhofflezing troch Winnie Sorgdrager, minister fan Steat, folge troch twa talks fan de auteurs Jan Willem Rijnedshoek en Arend Hulshof. Sy geane yn op harren koartlyn ferskynde boek oer Slauerhoff.

De stichting Herdenking Jan Slauerhoff organisearret de earste trije eveneminten. Foarsitter Evert Duintjer Tebbens: ‘voor ons is het veelzijdige, middag vullende programma op 7 september ongetwijfeld het hoogtepunt van de Slauerhoffactiviteiten in deze najaar.’

Nei de webside →