Sûnt 2018 hawwe Meeuw Jonge Theatermakers en Explore the North tegearre in oplieding foar jonge (teäter)skriuwers. Fjouwer fan har skreaune foar De roep van de paardenbloem teaterteksten oer wurden dy’t net heard wurde, stimmen dy’t fergetten binne en minsken dy’t net ien sjocht.

Ast jong bist, hast faak it gefoel dat der net of kwalik nei dy harke wurdt. En ast âld en allinnich, iensum yn in flat sitst, is dat nei alle gedachten net hiel oars. Wa heart de stim fan de heit dy’t allinne âld en nij fiere moat? Fan de man dy’t wurket as befeiliger fan Poetin? Fan de skjinmakker yn in leech kantoar? Oft de rop fan de hynsteblom yn it park dy’t troch gjinien sjoen wurdt, lit stean plôke?

Mear ynfo en kaartsjes:

foto: Tryntsje Nauta