Dit jier fiert it wrâldferneamde printeboek Kening & Kening in jubileum, it bestiet 25 jier! En om dêr by stil te stean jouwe beide makkers, Linda de Haan en Stern Nijland, in masterclass én in workshop. Do kinst der by wêze!
It ferhaal fan Kening & Kening giet oer in kroanprins dy’t gjin nocht hat om te trouwen, mar as er kening wurde wol, sil dat al moatte. Syn mem lit de iene nei de oare prinses oerkomme, mar mei net ien sjocht er it sitten. Oant… er in knappe prins treft. In spetterjend houliksfeest folget en se libje noch lang en lokkich.
De entree is fergees, mar oanmelde is ferplichte. Fol = fol.
Nei de webside →