Martsje de Jong komt te fertellen oer har libben as oersetter, skriuwer, dichter, redakteur, korrektor en ferhaleferteller. In alsidich keunstner mei in rike karriêre yn de Fryske literatuer.
Martsje groeide op op in pleats yn Penjum. Nei har ôfstudearjen waard se freelancer by ferskillende tydskriften. Yn de jierren dêrnei lei se har ta op it oersetten fan boeken nei it Frysk – klassikers as De GVR fan Roald Dahl, Pippi Langkous van Astrid Lindgren, en boeken fan Jochem Myjer. Yn 2018 rjochte se har eigen bedriuw op: MartsjeTekst.
Se skreau twa boeken oer har bertedoarp Penjum, en is ferhaleferteller en lid fan Dichterskollektyf Rixt. Sûnt 2020 resinsearret se Fryske literatuer by Omrop Fryslân. Yn 2024 wûn se de twadde Fryske Poëzij Slam. Martsje is ien fan de seis skriuwers fan Seis Ses Zesse Ses, it Frysk Kadoboek fan 2026.
Nei de webside →