Boeken fan Fryslân organisearret mei it CPNB in literêre jûn mei de skriuwer fan it nasjonale Boekenweekgeschenk 2022 Ilja Leonard Pfeijffer.

Pfeijffer wûn yn 2014 mei syn roman La Superba de Libris Literatuerprijs. Foar dyselde priis waard hy yn 2019 nominearre mei syn roman Grand Hotel Europa.

Yn opdracht fan Boeken fan Fryslân makke Jetske Bilker de Fryske oersetting fan it nasjonale Boekenweekgeschenk.

Tidens dizze jûn wurde sawol de skriuwer en haadgast fan it Boekenweekgeschenk, Ilja Leonard Pfeijffer, as de oersetter, Jetske Bilker, ynterviewd troch Coen Peppelenbos. Nei ôfrin fan it programma is der romte foar sinjearjen en in drankje.

Yntree: 7,50.
Kaarten binne hjir te bestellen.

foto: Keke Keukelaar