De Literêre DIS yn Dokkum set útein mei in Literêr brochje en in Literêre lunsj foar 300 learlingen fan it Dockinga College en Piter Jelles Dalton. Middeis én jûns giet de biblioteek Noard Fryslân fierder mei de Literêre DIS: De Proeverij. Gasten kieze foar it middeisprogramma óf it jûnsprogramma, beide mei kulinêre ferwennerij út de keuken fan De Abdij en literêre smaakmakkers. Dit alles yn Brouwerij Dockum.

middeisprogramma 15.00 oant 18.30 oere: mei in petear oer Onder de paramariboom fan Johan Fretz mei Karin Sitalsing en Arnold Veeman, optredens fan Iris de Graaf, Peter Buwalda en Anne-Goaitske Breteler. Ynklusyf wolkomstdrankje en fjouwer lytse, kulinêre gerjochten.

jûnsprogramma (útferkocht) 19.30 oant 23.00 oere: mei Iris de Graaf, Peter Buwalda en Anne-Goaitske Breteler, in muzikale ynlieding troch Arnold Veeman en in muzikale ôfsluter troch Blaudzun. Ynklusyf wolkomstdrankje en fjouwer lytse, kulinêre gerjochten.

Kaarten: € 39,95. Ynklusyf hapkes en in wolkomstdrankje, oare drankjes foar eigen rekken.

Besjoch it programma en bestel kaarten