Literatuer is fan grutte betsjutting by rou. It lêzen fan boeken en gedichten oer ferlies en fertriet kin treast biede. Ta gelegenheid fan de lanlike Boekenweek organisearret Tresoar in jûn oer dit tema, yn oparbeidzjen mei Omrop Fryslân.

Oanlieding is de FryslânDOK Winterswannen fan programmamakker Karen Bies. Twa Fryske skriuwers, Nynke Sietsma en Sytse Jansma, fertelle dêryn oer de krêft fan it skriuwen yn tiden fan rou. De dokumentêre is te sjen op 16 en 17 maart om 15:30 oere op NPO2 en op 17 maart om 17:00 oere op Omrop Fryslân (werhelling alle oeren). Nynke en Sytse binne te gast op tiisdei 19 maart yn Kafee De Gouden Leeuw yn Tresoar.

Elkenien is fan herte wolkom. De tagong is fergees. Graach oanmelde by Tresoar om wis te wêzen fan in sitplak.

Foto: Omrop Fryslân

Nei de webside →