Fan 4 oant en mei 8 novimber fynt yn Ljouwert wer it Noordelijk Film Festival (NoFF) plak, mei as tema Het Noordelijk Film Festival vertelt verder. De 46e edysje fan it NoFF sit dêrmei nóch foller as oars mei boeiende fertellingen, spannende ferhalen en moai foarmjûne skiednissen.
Wistest datst in film sels lêze kinst as in boek? Ljouwert City of Literature en it NoFF presintearje dêrom tegearre ‘Hoe Lees Ik Een Film?’ mei Lidewijde Paris. Op sneontemiddei 7 novimber sjogge en lêze we mei Lidewijde de film The Incomer. Foarôf jout se in pear sjoch-oanwizingen wêrmei’t we nei de film mei-elkoar yn petear gean kinne oer wat we no krekt sjoen ha en hoe’t dat ferhaal krekt ferteld en ferbylde wurdt.
Hoe lees ik een film?: The Incomer
Sneon 7 novimber – Boppeseal De Harmonie
13.45 Ynlieding
13.50 Start film
15.35 Neipetear oant 16.15 oere
Dêrneist sit it NoFF fol mei oare literêre linkjes foar lêsleafhawwers en ferhalefretters. Sa is de renommearre Yslânske skriuwer, senarist en dichter Sjón oanwêzich foar in Spotlight Talk, en jout kultuerhistoarikus en filmdosint Constant Hoogenbosch in lêzing oer Noardse mytology yn films, mei omtinken foar û.o.The Lord of the Rings en Harry Potter.
Der is romte foar de gedichten út Grûntonger by de premjêre fan de Sami film Árru en GJALP-winner Erik de Boer sil syn Fryske Oersonate fertolkje by argyfmateriaal út it Frysk Film en Audio Argyf.
Fierder binne der fansels in soad films te sjen dy’t op in boek basearre binne, lykas Youri, nei oanlieding fan In het huis van de dichter fan Jan Brokken. Witte hoe’t sa’n boekferfilming ta stân komt? Gean dan nei Van Boek naar Doek: Youri, wêryn’t de makkers fertelle oer it proses achter dy film.
Oare literêre films út it programma fan it NoFF dy’t we foar dy útljochte hawwe:
- FATHERLAND (Pawel Palikowski) oer Nobelpriiswinner Thomas Mann dy’t nei sechstjin jier ballingskap yn de Feriene Steaten mei syn dochter Erika weromkomt nei nei-oarlochsk Dútslân.
- Karmele (Asier Altuna) – basearre op it Baskyske boek Elkarrekin esnatzeko ordua/The Hour of Waking Up Together fan Kirmen Uribe (2016)
- No Rest for the Wicked (Kasper Kalle) – basearre op it koarte ferhaal Manor fan Karl Heinrich Ulrich (1884)
- Sense and Sensibility (Georgia Oakley) – in nije ferfilming fan it wrâldferneamde boek fan Jane Austen út 1811.
- Victorian Psycho (Zachary Wigon) – op basis fan de horrorroman mei deselde titel fan Virginia Feito (2025)
- A Prayer for the Dying (Dara van Dusen) – nei de roman mei deselde titel fan Stewart O’Nan (1999)
- California Schemin – it regydebút fan akteur James McAvoy, basearre op de memoires fan Gavin Bain California Schemin’: How Two Lads from Scotland Conned the Music Industry (2010)
- Extra Geography (Molly Manning) – op basis fan it koarte ferhaal Extra Geography fan Rose Tremain (2007)
- Wicker (Alex Huston fischer & Eleanor Wilson) – in moderne fabel basearre op The Wicker Husband, in koart ferhaal fan Ursula Wills-Jones (2008)
