De biblioteek iepenet in pop-uprestaurant op in prachtige yndustriële lokaasje: it eardere Dokwurk-gebou yn Dokkum. Moaie ferhalen én goed iten passe geweldich byinoar. Fiif kulinêre gongen fan De Abdij wurde ôfwiksele mei fiif gongen fol literatuer, poëzy en muzyk.
Dizze Literêre DIS wurdt organisearre troch Bibliotheken Noord Fryslân yn it ramt fan Heel Nederland Leest. Dit jier krijt hiel Nederlân yn novimber it boek Het Diner fan Herman Koch kado fan de biblioteek. In titel om fan te wettertoskjen en de perfekte kombinaasje mei dit diner fan tsien gongen!
Arnon Grunberg, Saskia Noort, Nina Polak en Douwe Bob skowe oan by dizze bysûndere jûn. Dit seizoen folje wy it programma fierder oan mei nije nammen.
LET OP: Dit event is útferkocht. Je kinne je noch wol oanmelde foar de wachtlist.
Nei de webside →