De biblioteek, de boekhannel en it museum yn Harns organisearje op 22 juny de fjirde edysje fan Literair Festival Harlingen. Yn de tún achter Voorstraat 54-56 yn Harns komme skriuwers Adriaan van Dis, Frank Westerman, Maartje Wortel, Rob van Essen, Toine Heijmans en Matthijs Deen it poadium. Sytse Jansma soarget foar gedichten en de muzyk is yn hannen fan Bean & Ford en Ellen ten Damme. Kirsten van Santen presintearret it festival.
Freed 21 juny is it Literair Festival voor Jongeren, eksklusyf foar learlingen fan RSG Simon Vestdijk, op deselde lokaasje. Foarôfgeand oan Literair Festival Harlingen is de besletten útrikking fan de Anton Wachterprijs, ien fan de âldste literêre prizen fan Nederlân, de priis foar it bêste Nederlânsktalige debút.
Nei de webside →