Bestsellerauteur Anya Niewierra komt nei Harns! Tegearre mei boekhannel Van der Velde ûntfangt de biblioteek Anya Niewierra foar in lêzing. En fansels is der ek tiid om boeken te litten signearje.
Tongersdei 25 septimber hjitte boekhannel Van der Velde en Biblioteek Harns de priiswinnende skriuwster Anya Niewierra wolkom. Mei boeken as De Camino en De Nomade wist se al tûzenen lêzers te ynspirearjen mei reizen fol mystearje, skiednis en emoasje. No dielt se har ferhalen tidens in bysûndere lêzing yn Harns.
Neist de ferhalen oer har ûndersyk en skriuwproses, reflektearret Niewierra oer hoe’t reizen ús net allinnich fan plak feroarje litte, mar ek fan perspektyf. Oan ’e hân fan foto’s en ynspirearjende sitaten fan filosofen lit se sjen hoe’t har libbensreis har as skriuwster foarme hat.
Mear ynformaasje