Annegreet van Bergen komt nei Van der Velde Boeken yn Snits foar in lêzing oer har nijste boek Over liefde, de dood en verder leven na verlies.
In pear oeren foar’t er stoar, frege de man fan Annegreet van Bergen: ‘Doen we geen kusjes meer?’ It wiene syn lêste wurden. Alhoewol’t syn dea alhiel net ûnferwachts kaam, waard Annegreet oerfallen troch de ûnferbidlike rou dy’t op syn ferstjerren folge.
Nuchter, iepenhertich en lichtfuottich fertelt sy oer har eigen ûnderfiningen, ferliket dy mei dy fan oare neibesteanden en pleatst dy tsjin it dekôr fan resinte maatskiplike ûntjouwingen lykas tanommen mûnigens fan pasjinten en feroarjende opfettingen oer medyske etyk.
Over liefde, de dood en verder leven na verlies is net allinnich werkenber en treastryk foar lotgenoaten, mar ek nuttich foar elkenien dy’t him tariede wol op de dea en hoe fierder te gean ast efterbliuwst nei it ferstjerren fan in dierbere.
Nei de webside →