Sawat de hiele moanne septimber binne it de Lês-mar-foar-wiken. Yn dy perioade wurdt oeral yn Fryslân foarlêzen út it nije Tomke-boekje. It tema foar dit jier is ‘thús’. Fansels krije alle pjutten it boekje nei it foarlêzen mei nei hûs. By de bibleteken is in programma mei dûnsjen, sjongen en muzyk meitsjen mei Tomke en op Omrop Fryslân binne nije aventoeren fan Tomke te sjen. Oja, Keimpe de Krokodil docht ek mei!