Begjin dit jier hat Frysk literêr tydskrift Ensafh in oprop dien ta it ynstjoeren fan tige koarte ferhalen fan op syn heechst 250 wurden. Dat hat fertuten dien, want mei 39 ynstjoerde ferhalen kin sein wurde dat it koarte ferhaal libbet as in hart. Op de Lange koartproazajûn wurde alle priiswinnende ferhalen foardroegen en ek it sjueryrapport. Teffens jout de Dichter fan Fryslân, Nyk de Vries, in optreden.

De sjuery, besteande út Gerbrich de Jong, Nyk de Vries en Anne Feddema, hat yn totaal 14 ferhalen bekroane. De winners binne: Anneke Augusteijn, Ytsje Hettinga, Trevor Scarse, Friduwih Riemersma, Henk Wolf, Berber Spliethoff, Johannes Dijkman, Baukje Zijlstra, Elske Kampen, Amarens Hibma, Bregtje Sijtsma, Elmar Kuiper, Sipke de Schiffart en Angelique van der Veen. De ferhalen fan de lêstneamde sân skriuwers binne troch de sjuery as de alderbêste koarte ferhalen bestimpele, dat dy wurde yn it novimbernûmer fan Ensafh publisearre.

Corona-update 3 novimber

Fan de fjirtjin winnende ferhalen soenen de sân alderbêsten sawol op 27 novimber yn De bogt fen Guné te Frjentsjer foardroegen wurde as yn it sechsde nûmer fan Ensafh ferskine. De oare sân soenen allinnich foardroegen wurde. No’t fanwegen de koroanamaatregels de Lange koartproazajûn net trochgean kin, hat de redaksje besletten om alle fjirtjin ferhalen yn it lêste Ensafh-nûmer fan dit jier ôf te printsjen. It hat kâns dat nei’t koroana it lân út is der socht wurdt nei in nije datum om dochs noch de koarte ferhalen it poadium te bieden dat se fertsjinje.

Foto: Geart Tigchelaar