Poëzy saai? Wis en seker net! Kruidkoek en Joost Oomen smite der in amer punkjazz, in amer absurdisme en in amer bernlike selsoerskatting oerhinne en voilà, ynienen steane je in feestje te bouwen by in dichter. Tink Jules Deelder, tink Anthony Szmierek, tink Villa Achterwerk mei in ekstra likje fan it ien of oar. Der wurdt sketten mei bananen, in pudding wurdt mei in seage te liif gien en do giest kopke ûnder yn dizze fruchtedrab.

Joost Oomen is de beruchtste poadiumdichter fan Nederlân en trede op fan Kaapstad oant Skiermûntseach en fan de Zwarte Cross oant Into the Great Wide Open. Kruidkoek spile as hyperaktive punkjazzformaasje mannich poadium de fernieling yn en bewiisde en passant dat yngewikkelde konservatoriummuzyk wól geskikt is om dronken op te wurden. Leaust it net? Kom sels mar te sjen.

Foarprogramma: BlackboxRed

Kruidkoek & Joost Oomen is in produksje fan Explore The North.

Nei de webside →