Yn gearwurking mei Ljouwert City of Literature organisearret it Generatiehuis in rige fan fjouwer ynteraktive kolleezjes troch en oer de literêre wrâld yn Fryslân. De kolleezjes beljochtsje hieltyd in oar aspekt fan skriuwen en literatuer en fine fan 28 oktober ôf plak op fjouwer woansdeitejûnen.

Woansdei 28 oktober: Jitske Kingma, útjouwer

Jitske Kingma is eigener fan útjouwerij Elikser yn Ljouwert. Earder wurke se as sjoernalist, wie einredakteur fan it Friesch Dagblad en redakteur fan tydskrift de Moanne. Ek hat hja sels publisearre. Op de startjûn fan de kolleezje-rige jout se in blik yn de wrâld fan útjouwerijen, wêryn’t de lêste 20 jier grutte feroaringen plakfûn hawwe. Ek fertelt se oer har eigen, bysûndere útjouwerij: har ienmanssaak jout sawol op ‘tradisjonele’ wize boeken út, as docht oan Printing On Demand (POD).

Woansdei 4 novimber: Arjan Hut, dichter

Arjan Hut is in Fryske skriuwer en dichter. Hy debutearre yn 2004 mei de bondel Nachtswimmers; de meast resinte bondel kaam dizze simmer út en hjit Fjoertoer yn it wâld. Yn 2005 waard er beneamd ta earste stedsdichter fan Ljouwert. Hy is op it stuit Wâlddichter fan de gemeente Achtkarspelen. Hy sil as dichter op de fan him bekende entûsjaste wize fertelle oer poëzy en jout in koarte dichtwurkwinkel oan de oanwêzigen.

Woansdei 24 novimber: Eduard Kuijt, boekhanneler

Eduard Kuijt is eigener fan Boekhandel Binnert Overdiep op It Hearrenfean en lid fan de Ried fan Advys foar de Koninklijke Vereniging van het Boekenvak (KVB). Hy sprekt fanút it perspektyf fan in aktyf kultureel ûndernimmer oer sawol de saaklike as kulturele kanten fan it hawwen fan in boekwinkel.

Woansdei 1 desimber: Tialda Hoogeveen, skriuwer

Tialda Hoogeveen is skriuwer en sjoernalist. Meast resint ferskynde fan har de suksesfolle non-fiksje roman De geur van hooi (Thomas Rap, 2020) en it berneboek Oerstoer, over de wolharige mammoet en de rest (Ploegsma, 2019). Se sil it hawwe oer it skriuwen fan non-fiksje, benammen oer it brûken en it ferwurkjen fan boarnemateriaal.

Praktyske gegevens

Tiid: 19.30-20.30 oere, ynrin fan 19.00 oere ôf
Lokaasje: Theater De Bres (Schoolstraat 4, Ljouwert )
Kosten: mei-inoar € 20,-
Leeftiid: fanôf 55 jier
Oanmelde foar de kolleezje-rige

Nei de webside →