Fan 17 t/m 24 novimber is it koarte ferhaal Biografie van een Vlieg foar elkenien te lêzen op 25 posters op yn Ljouwert. Skriuwer, dichter en teätermakker Jaap Robben skreau it koarte ferhaal spesjaal foar Explore the North en it literêre festival Wintertuin yn Nijmegen. Mei de stêd as dekôr kin elkenien, jong en âld, it ferhaal yn ‘e bûtenloft lêze.

Biografie van een Vlieg is in ferhaal oer ûntdekken, freonskip en fergonklikens. It is skreaun foar alle leeftiden en is fia in kuier- of fytsrûte fergees te lêzen. Mei dizze nije en bysûndere foarm fan publisearjen is de stêd it dekôr foar in ferhaal en wurde alle ynwenners lêzers. Explore the North hat 26 plakken, 25 haadstikken en in omslach, yn Ljouwert reservearre foar it ferhaal. De haadstikken binne los te lêzen, mar it is ek mooglik alle haadstikken efter inoar te lêzen en in rûte te folgjen. De rûtekaart is mei yngong fan 11 novimber op explore-the-north.nl te downloaden. Wintertuin2020 yn Nijmegen, de inisjatyfnimmer fan it projekt, presintearret it ferhaal dêr fan 5 oant en mei 29 novimber.

Jaap Robben 

Jaap Robben (1984) is skriuwer, dichter en teätermakker. Jaap skriuwt net spesjaal foar in bepaalde leeftyd, mar krekt foar elkenien yn it bysûnder. Do kinst Jaap kenne fan syn bekroande berneboeken (Suzie Ruzie, Plasman), as de eardere stedsdichter fan Nijmegen, mar ek fan syn suksesfolle romans Birk en Zomervacht. Fan DWDD Boek fan de Moanne ta de Nederlânske Boekhannelspriis en fan boekferfilmingen ta in soad oersettingen: Jaap hat it allegearre op syn namme stean.

Audiokuiers en podcast

Jaap Robben hat alle haadstikken ynsprutsen as audiobestân. Sa is it ferhaal ek te belústerjen as audioboek en kinne de besikers by alle posters it byhearrende audiobestân op ‘e telefoan ôfspylje. De bestannen binne fan 11 novimber ôf te finen op explore-the-north.nl. Dêrneist is fan begjin desimber ôf de podcast Het grote verhaal (it grutte petear) te hearren op de websites fan Explore the North en Wintertuin. Jaap giet dêryn in oardel oere de djipte yn.