De 70ste edysje fan de Kinderboekenweek fynt plak fan 2 o/m 13 oktober 2024. It tema fan dizze Kinderboekenweek is ‘Lekker eigenwijs’.
Pieter Koolwijk (bekend fan û.o. ‘Gozert’) hat dit jier it Kinderboekenweekgeschenk ‘Schatpakkers’ skreaun. Yn opdracht fan Boeken fan Fryslân is in Fryske oersetting makke ûnder de titel: ‘Skatpakkers’, oerset troch Rymke Zijlstra.
It Kinderboekenweekgeschenk, yn it Nederlânsk of it Frysk, is yn de Kinderboekenweek fergees te krijen by de boekhannel en de Afûk-winkel en -websjop, by oankeap fan op syn minst € 13,50 oan berneboeken.
Skatpakkers is echt in aventoer fan dizze tiid. Mei tema’s as pesten, foar inoar opkomme, minder game en mear bûtenboartsje.
It ferhaal: Nevin wurdt troch har heit nei bûten stjoerd. Unterjochte, fynt se sels. Dus nimt sy de autokaai mei, sadat heit net nei de fuotbalwedstriid kin. Mar dan lit se de kaai yn de put falle… Ynienen klinkt der in frjemd, heech stimke. ‘Ooo… Skat!’ In donkerblau hantsje komt tefoarskyn, grypt de kaai tusken de blêden wei en ferdwynt wer. Dan hat Nevin in probleem. Gelokkich binne der twa bern dy’t har helpe wolle. Bern dy’t op skoalle altyd pest wurde, ek troch Nevin…
De Kinderboekenweek is in kampanje fan de CPNB. De Fryske oersetting fan it Kinderboekenweekgeschenk is in inisjatyf fan Boeken fan Fryslân. It is de twadde kear dat der in Fryske edysje ferskynt fan it Berneboekewikegeskink. Sjoch foar mear ynformaasje oer de aktiviteiten en projekten fan Boeken fan Fryslân op de webside: www.boekenfanfryslân.frl.
Fansels binne der yn de Kinderboekenweek in protte aktiviteiten. Sjoch foar in oersjoch by dyn boekhannel of biblioteek!