UNESCO Erfgoed yn Fryslân: seine of lêst?

It Keninklik Frysk Genoatskip organisearret op 17 maaie yn gearwurking mei Tresoar en de Fryske Akademy it kommende KFG-Sieperda-sympoasium oer de fraach wat it ynhâldt om it UNESCO-logo fiere te meien.

Yn de ôfrûne jierren hat in opfallend soad Frysk erfgoed in UNESCO-predikaat krigen: de Waadsee, it Woudagemaal, de Aldfryske wetsteksten fan de Richthofenkolleksje, it Eise Eisinga Planetarium en Ljouwert City of Literature. Op de Frysk-Drintske grins lizze boppedat de Koloniën van Weldadigheid.

Der is in grut ferskaat oan Frysk UNESCO erfgoed. Dat liket in hiel positive wurdearring, mar binne der ek beswieren? Kinne de predikaten bygelyks in lêst wurde? Weagje de foardielen op tsjin de ferplichtingen?

Ek Ernst Bruinsma fan Ljouwert UNESCO City of Literature sil sprekke.