Acht jonge skriuwers fange Terschelling yn wurden en nimme dy mei nei plakken dy’tst tochtst te kennen, mar noch nea sa belibbe hast.

Yn maart reizgen acht jonge skriuwtalinten nei Terschelling en lieten harren reitsje troch trije bysûndere plakken op it eilân. Dy yndrukken foarmen de basis foar nije, poëtyske teksten. Lit dy meinimme troch harren foardrachten en belibje it eilân sa’t sy it dizze maitiid ûnderfûnen.

Sara-Linn Bouwman, David Gil Bisschop, Bastiaan Okkema, Rowan Vis, Sinne Nova van Dieren, Juul Plomp, Levi Vermeulen en Aleit Palsma: acht stimmen, acht manieren fan sjen nei itselde eilân. Se doarmen troch de dunen, fytsten oer ferlitten paden en hâlden stil dêr’t lân en see inoar reitsje. Wat se dêr fûnen, ferfetten se yn poëtyske teksten dy’t Terschelling taastber meitsje. Bekende plakken krije nije betsjutting, lytse mominten wurde grut. Sa ûntstiet in laachdich portret fan it eilân: rau, stil en fol ferbylding.


Dit projekt komt fuort út it Jonge Skriuwers-lestraject fan Meeuw jonge theatermakers en Explore the North en is ta stân kommen yn gearwurking mei Oerol Festival.

Nei de webside →