Iris de Graaf wenne en wurke as Ruslân-korrespondint yn Moskou doe’t de Russyske ynvaazje fan Oekraïne alles feroare. Se nimt dy mei yn it Ruslân fan Poetin – in lân dêr’t it wurd ‘ oarloch ‘ ferbean is, elke krityske stim it swijen oplein wurdt en de frijheid stadichoan ferdwynt.
De yn Ljouwert berne sjoernalist en presintator boude in twadde thús op yn Moskou, mar moast om har eigen feilichheid halje-trawalje weromreizgje nei Nederlân. No is se ien fan de fêste gesichten fan it NOS Journaal en fertelt se har persoanlike ferhaal oer de leafde foar in lân, wêrfan’t bliken die dat dy net fan wjerskanten kaam.
Nei de webside →