Hâldst fan lêzen? En soest dat graach mei oaren diele en ferdjipje wolle? Dan is in lêsklup fan Senia miskien wat foar dy. Yn in lêsklup lêst deselde boeken as oaren en bepraatst dy tegearre. Sa ûntdekst nije dingen, besjochst boeken mei oare eagen en moetest lykstimden. Dizze ynformaasjegearkomste is dyn kâns om frijbliuwend yn ‘e kunde te kommen mei oare belangstellenden en mear oer de wurkwize fan Senia’s lêsklups te hearren.
Oer lêsklups fan Senia
Senia fasilitearret lêsklups troch hiel Nederlân. Yn de lêsklups fan Senia lêst deselde boeken en bepraatst dy mei-elkoar. Elke lêsklup makket alle jierren in list mei boeken om te bepraten, oan ‘e hân fan troch Senia soarchfâldich gearstalde boekelisten. Kinst kieze út ferskate titels, fan moderne literatuer oant keunst en skiednis. Mei de handige lêswizers fan Senia wurde de boekbesprekkingen ferdjipjend.
Meld dy foarôf oan by Eveline Molenaar fia: emolenaar@senia.nl. By genôch animo wurdt op it plak sels in nije lêsklup moderne literatuer oprjochte.
Nei de webside →