Op freed 2 juny om 15:00 oere iepenet yn Kafee De Gouden Leeuw fan Tresoar in lytse útstalling mei portretten fan Fryske skriuwers, dy’t Henk Kuiper (1943-2005) yn de jierren ’70 makke hat. By de iepening presintearret soan Elmar Kuiper syn nije dichtbondel Earthskin: in blomlêzing mei gedichten dy’t oerset binne nei it Ingelsk.

De útstalling is oant en mei septimber te sjen.