Dit jier wurdt de Gysbert Japicxpriis útrikt oan Elmar Kuiper foar syn dichtbondel Ferlosboartsje. Yn de wike foarôfgeand oan de útrikking op sneon 11 oktober, binne ferskate aktiviteiten om Elmar Kuiper en syn wurk yn it sintsje te setten. Op snein 5 oktober fynt in hommaazje plak: in muzikale en literêre middei yn Kafee de Gouden Leeuw yn Tresoar. Kom op dizze middei yn ‘e kunde mei de skriuwer en it priiswinnende boek: Ferlosboartsje.

Nei de webside →