Op 11 oktober wurdt de Gysbert Japicxpriis 2025 útrikt oan Elmar Kuiper foar de dichtbondel Ferlosboartsje. Dat is yn de Martinitsjerke yn Boalsert. By dizze feestlike gelegenheid wurdt ek de Lytse Gysbert Japicxpriis útrikt oan Alen Hrustic, de priis foar it bêste Fryske gedicht troch skoalbern út de groepen 7 en 8.

Yn de wike foarôfgeand oan de útrikking binne ferskate literêre aktiviteiten om de winner fan de Gysbert Japicxpriis en it wurk yn it sintsje te setten. Tresoar wurket dêrfoar gear mei partners as de Moanne, Leeuwarden Unesco City of Literature, Explore the North, de Berneboeke-ambassadeur fan Fryslân en De Tiid.

  • Snein 5 oktober
    Hommaazje Elmar Kuiper yn Kafee de Gouden Leeuw 
    Sjoch hjir foar it programma en ynformaasje oer oanmelde.  
  • Moandei en tiisdei 6 en 7 oktober
    Berneboeke-ambassadeur Tialda Hoogeveen sil mei bern kreatyf oan de slach mei de Fryske taal. Ris sjen wat se meitsje kinne mei wurden! Omjûn mei skiednis nije teksten meitsje. Lokaasje: De Tiid yn Boalsert
  • Sneon 11 oktober 
    Utrikking Gysbert Japicxpriis en de Lytse Gysbert Japicxpriis yn de Martinitsjerke yn Boalsert. Do bist fan herte útnûge om by de útrikking oanwêzich te wêzen. Sjoch hjir foar it programma.
  • Fan 4 oktober ôf
    Eksposysje De Alve fan Gysbert: de alve gedichten dy’t nominearre binne foar de Lytse Gysbert Japicxpriis 2025 binne te sjen yn Tresoar 
  • 5 oktober o/m 11 oktober
    Yn de Gysbert Japicxpriiswike wurde by Mei-inoar lêze fan Leeuwarden City of Literature de teksten lêzen fan priiswinner Elmar Kuiper.

Nei de webside →